maandag 28 november 2016

De útfanhûzer

Sûnt in wike as wat ha ik in útfanhûzer, Luna, de kat fan myn soan. Wêr't hy no wennet wurde gjin bisten ta litten en dêrom wennet sy no in skoft by my en de twa katers, de grize en de reade. Der is no dus de swarte bykommen. Myn mannen bliuwe har wat út'e buert want sy hat skerpe nagels en kin as in echt frommiske ffan har ôfbite. It is in fel ding en sa sjocht se ek út'e eagen. De swarte is in jier as wat jonger as myn mannen en grut brocht op in boppewenninkje. Totaal net went oan oare katten of minsken. Sy kin ek allinne mar myn soan en is bliid at dy alle dagen efkes del komt. Dan giet se gau by him op skoat sitten wat sy by my absolút net wol. Sy is wat skruten útfallen, sadra je in meneuvel meitsje stoot se ûnder de bank. De skiter. De earste pear dagen lei se yn'e kattebak te sliepen. Neffens goegel fielt sy har dan feilich. No ja toe maar, frjemde oanslaggen ha katten. De lêste pear wike lei se op it taffeltsje by de bank. Jûn strúnt se wat om want ik ha hjoed dat taffeltsje ferkocht en in oare tafel stiet no op dat plak. Dêr doart se net op, miskien om dat dy fan glês is. Sy sil har plakje wol wer fine. By my op skoot wol se út noch yn net. No ja it sil wol wenne. Fan't meitiid as de bûtedoar wer iepen stiet oerdei mar ris sjen wat se docht. Wa wit doart se dan ek wol stadich wei achter it hûs. Ik bin benijd! Wêr't twa katten wenje kinne der ek trije wenje.
O